Fernieling yn Wolvegea
In 16-jierrige jonge út Nijeholtpea is sneintemoarn yn Wolvegea betrape en oanhâlden troch in tsjûge dy 't seach dat de jonge in spegel fan in auto ôf trape.
Dat barde op de Tsjerk Hiddesstrjitte by de merk. De jonge is oerdroegen oan de plysje. Hy moast mei nei it plysjeburo. Dêrnei is er nei syn âlden brocht.