Twa minsken rydbewiis kwyt
Twa minsken binne sneon harren rydbewiis kwytrekke omdat se fierstente hurd rieden. Op de A7 by Snits ried in 44-jierige man út Callantsoog 135 kilometer yn 'e oere wylst je dêr mar tachtich meie.
En op deselde A7, mar dan by Ysbrechtum, waard in 27-jierrige Boalserter klokt op 145 kilometer yn 'e oere. En ek dêr meie je mar tachtich ride.