Keunstmanifestaasje yn Harns

© Omrop Fryslân
Yn Harns begjint freed de keunstmanifestaasje Friesland-Vlaanderen. It is de twadde edysje fan dizze keunstmoeting, dêr't Fryske en Flaamske keunstners oan mei dogge.
Ferline jier waard de manifestaasje yn Zwevegem yn Flaanderen holden. Op ferskate lokaasjes yn de stêd binne eksposysjes te sjen. Der binne ek optredens fan dichters en sjongers. De keunstmanifestaasje wurdt organisearre troch de stifting Ons Vlakke Land en duorret oant en mei 11 oktober.