Snitser jeugd nei Japan

© Omrop Fryslân
Fjouwer learlingen fan skoalmienskip Bogerman en fjouwer fan Magister Alvinus yn Snits sette moandei ôf nei Japan. Dêr ferdjipje se har foar acht dagen yn de kultuer fan it lân.
Snits hat in stedebân mei Kurobe. Yn it ramt dêrfan is der ferline jier in útwikselingsprogramma foar skoalbern opsetten. Yn oktober kamen doe Japanske learlingen nei Snits, no is it dus oarsom. De Snitser jeugd sil ûnder oare in tal lessen op middelbere skoallen folgje.