Fergees ite op 'Burendag'

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Achtkarspelen koene sneontemoarn fergees in hapke ite foar it gemeentehûs yn Bûtenpost. It kolleezje organisearre dêr in moarnsbrochje yn it ramt fan de Nationale Burendag. Dy waard sneon yn it hiele lân hâlden.
De dei is bedoeld om wat aardichs mei de buorlju te organisearjen. It is it twadde jier dat der in moarnsbrochje yn Bûtenpost hâlden waard. Der kamen sneon mear as 50 minsken op ôf.