Schuil/Nummerdor goed op wei

19 sep 2008 - 17:38

Richard Schuil en Reinder Nummerdor binne de finale fan de Europeeske beach-foljebaltour yn it Russyske Sotsji goed begûn. Mei twa oerwinnings yn de groepsfaze binne se sa goed as wis fan de heale finale.

Yn de earste wedstriid fersloegen se harren Poalske tsjinstanners mei twa kear 21-17. De twadde wedstriid wie wat dreger, dy wûnen se mei twa sets tsjin ien fan 'e Eastenrikers. De tredde groepswedstriid is sneon tsjin harren grutte rivalen út Dútslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)