Húsfroulju wurde ko-assistint

19 sep 2008 - 13:34

Der is in grut tekoart oan melkers yn Fryslân. Om hjir wat oan te dwaan komt der in oplieding om húsfroulju oan it wurk te helpen as ko-assistint. Boeren ha it drok genôch en dêrom wol AB Fryslân besykje húsfroulju oan it melken te krijen.

De oplieding is op LBO/MBO nivo en sil 2 moanne duorje. De wervingsaksje foar de oplieding begjint nije wike. De oplieding sels begjint op 1 novimber sadat de earste ko-assistinten yn jannewaris 2009 oan it wurk kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)