Tabaksdieven op oarlochspaad

© Omrop Fryslân
Der is tongersdei op ferskate plakken yn Fryslân foar tsientûzenen euro's oan tabak stellen. Op 'e Lemmer waard tongersdeitenacht ynbrutsen yn de Super de Boer oan de Stasjonswei. De dieders fernielden in skodoar. Se ha foar 10.000 oant 20.000 euro oan sigretten stellen. In tsjûge seach dat twa minsken mei in bivakmûtse op yn in auto útnaaiden rjochting Emmeloard.
Yn Harns waard ynbrutsen yn de Super de Boer. Dêr waard in rút ferwidere en foar 15.000 euro oan tabak stellen.