Undernimmersfûns yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Ljouwerter sakelju hawwe harren feriene yn in ûndernimmersfûns. Elkenien betellet dêroan mei omdat de ûnreplik guod-belesting, de OZB, fan alle bedriuwspanden omheech giet. Sa wurdt foarkommen dat guon ûndernimmers fergees meiprofitearje fan aktiviteiten fan 'e ûndernimmingsferiening wylst se gjin lid binne en net meibetelje.
Mei it jild út de pot wurde saken as feestferljochting, parkearromtes en promoasje fan de stêd betelle.