Lykspul Hearrenfean UEFA-Cup

Elyounoussi (foto Martin de Jong)
SC_Hearrenfean hat yn Lissabon de earste wedstryd yn UEFA Cup mei 1-1 lykspile tsjin Vitória Setúbal. Hearrenfean spile sûnder risiko, mar kaam yn de twadde helte wol op efterstân. Pas oan ´e ein fan de twadde helte makke ynfaller Elyounoussi de lykmakker.
De ploech fan trainer Trond_Sollied hat no in goede útgongsposysje foar de thúswedstriid oer twa wiken. Lesly_Fellinga makke syn debút yn de basis fan Hearrenfean.