Ekstra klanten troch krisis

© Omrop Fryslân
De lêste dagen krijt de Friesland Bank alle dagen nije klanten troch de ynternasjonale finansjele krisis. Neffens de bank komt dat benammen omdat de klanten mear betrouwen hawwe yn banken dy't ynternasjonaal net aktyf binne. Benammen de kantoren fan de Friesland Bank bûten Fryslân krije der nije klanten by.
De bank sjocht noch gjin panykreaksjes by klanten, mar der is wol ûnrest op de Nederlânse bankmerk.