MBO op Skylge

18 sep 2008 - 23:32

It Friesland College en soarchsintrum De Stilen op Skylge hawwe plannen om in tal MBO-opliedings op Skylge oan te bieden. It giet dan ûnder mear om opliedings yn de soarch, tsjinstferliening en horeka.

Dat soe betsjutte dat VMBO-studinten net mear nei it fêstelân hoege foar in tal MBO-opliedings. Takom moanne is der in foarljochtingsjûn foar de eilânbewenners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)