Utspraak yn saak-Ooms duorret

18 sep 2008 - 16:13

It duorret noch moannen foardat der in definitive útspraak komt yn de heger-beropssaak oer de moard op Marinus Ooms. Op de earste sitting die tongersdei bliken dat advokaat Klappe fan ien fan ´e fertochten in lytse tweintich ekstra tsjûgen hearre wol. Neffens har is dat needsaaklik om de ûnskuld fan har kliïnt te bewizen.

Dêrneist moat in oare fertochte noch ûndersocht wurde troch it Pieter Baan Sintrum. Al dy saken nimme meiïnoar wol in pear moanne yn beslach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)