Werle skaakkampioen EU

Jan Werle, skaakkampioen fan ´e EU
Skaker Jan_Werle út Beetstersweach hat tongersdei yn Liverpool it kampioenskip fan de Europeeske Uny op syn namme skreaun. Hy hâlde de sterke Frânsman Vachier-Lagrave op remise mei de wite stikken. Dêrmei komt Werle op acht punten út tsien partijen en kin er net mear ynhelle wurde.
Werle bliuwt ûnder oare de grutte favoryt Michael_Adams foar, in spiler út de top tsien fan ´e wrâld. Foar Werle is it de belangrykste toernoai-oerwinning yn syn karriêre.