Terpstra topper by Sutelaksje

De debútroman fan Arjen Terpstra
Debútroman ´De hearen fan Fryslân´ fan Arjen_Terpstra en ´Liet fan myn jonge´ fan Riek_Landman binne de grutte toppers fan de Sutelaksje 2008. Ek de boeken ´Goedfrou foar it libben´ fan Tineke_de_Jager en ´It swijen net wurdich´ fan Willem_Verf rinne goed.
By de berneboeken springe de fiif ferskate kreamboekjes fan debutante Dieuwke_Posthumus derút. Ek is der in soad belangstelling foar ´Myn twadde Fryske Van Dale´ fan Mindert_Wynstra en de Tomkeboekjes.