Feanster sakelju nei Dubai

28 ûndernimmers fan It_Hearrenfean sille oer twa wiken op hannelsmisje nei Dubai. Dat bart ûnder lieding fan de Rabobank en de ûndernimmerskring Hearrenfean. Ek boargemaster De_Jonge giet mei nei it klopjend hert fan de oaljesteat.
De reis is in ferfolch op de misje nei Sina fan ferline jier. Doel is om safolle mooglik kontakten te lizzen mei bedriuwen en it regear. Dubai is ien fan de hurdstgroeiende spilers yn de ekonomyske wrâld.