Wurkleazens op rekordleechte

© Omrop Fryslân
De wurkleazens yn it Noarden is yn augustus foar it earst yn lange tiid ûnder de 50.000 sakke. Dat docht bliken út sifers fan it CWI. Yn in jier tiid is it tal wurkleazen mei 17 persint ôfnaam.
It Noarden docht it dêrmei better as it lanlik trochsneed. Dat leit om ´e 15 persint hinne. It ferskil tusken it Noarden en it lanlike trochsneedsifer wurkleazens wurdt hieltiten lytser. Fryslân die it yn augustus krekt wat better as Grinslân en Drinte.