Werle stiet earst op EK skaken

17 sep 2008 - 16:38

Jan_Werle hat woansdei de lieding naam by it iepen Europeesk kampioenskip skaken dat yn Liverpool hâlden wurdt. De skaker út Beetstersweach die dat troch mei de swarte stikken de Tsjech Viktor_Laznicka te ferslaan. Syn neiste konkurrinten kamen net fierder as in remize. Werle hat no 7.5 punten út 9 partijen. Dat is in heale punt mear as nûmer twa, Michael_Adams út Ingelân.

As Werle moarn wer wit te winnen, dan is er wis fan ´e titel

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)