Tafersjoch op lânbouferkear

mear tafersjoch op lânbouferkear
De plysje Fryslân hâldt fan takom wike ôf oant desimber ekstra tafersjoch op lânbouferkear yn ´e provinsje. Oanlieding is it grut tal ûngelokken wêrby´t it lânbouferkear belutsen is.
Tusken 2003 en 2008 binne yn Fryslân tsien minsken om it libben kaam en 34 minsken rekken slim ferwûne en 52 licht ferwûne. It tal ûngelokken mei lânboumasines is yn ferhâlding heech, om´t se net folle kilometers meitsje. Boppedat wurde de ûngelokken hieltyd slimmer.