Fjouwer plannen foar Ofslútdyk

Fjouwer plannen foar de takomst fan de Ofslútdyk wurde de kommende moannen neier útwurke. Omdat de dyk yn 2010 mear wetter keare moatte kin, binne acht ûntwerpers oan ´e slach gien mei in takomstplan.
De helte dêrfan falt no ôf. In plan foar in grutte kwelderstrook oan de Waadseekant, mar ek it plan fan Wubbo_Ockels om der in twadde dyk neist te lizzen, wurdt útwurke. Duorsumens stiet dêrby sintraal.