Waadeilannen selsfoarjennend

16 sep 2008 - 20:00

De provinsje siket Europeeske stipe foar in projekt om de Waadeilannen selsfoarsjennend te meitsjen. Yn 2020 moatte Amelân en Flylân har eigen wetter út de grûn helje en suverje en ek genôch elektrisiteit produsearre foar alle húshâldens.

Ek Skylge en Skiermûntseach soene meidwaan, mar dy geane selsstannich fierder mei in eigen enerzjysintrale. At de resultaten goed binne, wurdt sjoen oft hiel Fryslân selsfoarsjennend wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)