Italjaan op ezel yn SWH

Fan al dat gerin wurdt in ezel roppich
Wa´t tiisdei yn de Súdwesthoeke wie koe tsjûge wêze fan de âldste foarm fan transport: in rinnende man mei in ezel. Bepakt mei de modernste apparatuer, lykas in webcam en GPS.
It giet om in projekt fan de Italjaan Cristian_Bettini. Hy is al achttjin dagen ûnderweis om ûnderfinings te dielen fia ynternet en sa bygelyks skoalbern yn de kunde te bringen mei oare kultueren yn Europa.