´Museumdepot yn Blokhúspoarte´

© Omrop Fryslân
Cees_van_´t_Veen, direkteur fan it Fries Museum wol in iepen depot yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert. It depot moat de kolleksje fan meardere Fryske musea bewarje, mar ek tagonklik wêze foar publyk. Sa´n iepen depot makket de musea net oerstallich, want dêr wurdt folle mear in ferhaal ferteld.
Om de kolleksje feilich opslaan te kinne moat der in gebou yn de Blokhúspoarte boud wurde dêr´t goede klimaatbehearsking yn sit.