Soargen Atsma oer kabinetsplan

CDA-Twadde_Keamerlid Joop_Atsma makket him soargen oer de plannen fan it kabinet foar nasjonale lânskippen. Yn Fryslân giet it om de Wâlden en de Súdwesthoeke. Atsma tinkt dat dêrtroch de ûntjouwing fan dy gebieten op it mêd fan wentebou op slot komt.
Atsma is it der net mei iens dat de plannen makke wurde troch Haachske amtners achter har buro. Hy pleitet foar desintralisaasje nei de provinsjes, dêr´t se better op de hichte binne mei de omstannichheden.