Eask 8 jier tsjin Lemster

16 sep 2008 - 13:59

Tsjin in 46-jierrige man fan De_Lemmer is tiisdei acht jier sel easke. De man soe ein maaie fan dit jier in doarpsgenoat fan 41 delstutsen hawwe. De beide hiene spul en makken dêrby safolle leven dat twa buertbewenners dertusken komme moasten om de beide manlju útelkoar te heljen.

It slachtoffer wie op dat momint al meardere kearen stutsen yn búk en boarst. De fertochte koe fuortendaliks oanholden wurde. It slachtoffer moast operearre wurde oan syn ferwûnings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)