Fragen by banken oer krisis

Klanten Friesland Bank net ûngerêst
In soad minsken yn Amearika hawwe lêst fan de kredytkrisis, mar ek yn Nederlân binne in protte bedriuwen dy´t it swier hawwe. By de Rabobank yn Noardeast Fryslân krije de finansjele adviseurs ek mear fragen as oars.
De Friesland Bank hat der nei eigen sizzen minder lêst fan. Se hawwe ek hast gjin telefoantjes hân. Wol hawwe sy jild yn Amearika sitten, mar dat is neffens de bank gjin reden ta soarch.