Swarte list tsjin berneporno

16 sep 2008 - 07:40
Der komt in swarte list foar berneporno

Ynternetproviders sille tenei gearwurkje om berneporno te blokkearjen. Se dogge dat mei help fan in nije stifting dy´t in swarte list fan websides makket en byhâldt. Dat hat minister fan Justysje Hirsch_Ballin moandei oan de Twadde_Keamer witte litten.

De ynterproviders nimme it blokkearjen fan berneporno oer fan de plysje. De minister folget dêrmei it advys fan ûndersikers fan de Frije Universiteit fan Amsterdam en de NHL yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)