Ferlies Jong Hearrenfean

15 sep 2008 - 21:37

Jong_Hearrenfean hat moandeitejûn de útwedstriid tsjin jong PSV mei 2-1 ferlern. Yn ´e earste helte giene beide ploegen lykop en bleau it 0-0. Nei it skoft kaam de thúsploech op in 2-0 foarsprong troch doelpunten fan Nigel_Hasselbaink en Jasper_Waalkens.

Pedro_Beda brocht yn de 73ste minút de spanning werom, mar yn ´e hektyk fan it lêste kertier foel de lykmakker net mear. By de Feansters spile Bonaventura Kalou de earste helte mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)