Foppe yn reklame foar sprútsje

15 sep 2008 - 19:00

Foppe_de_Haan sil it startskot jaan fan in promoasjekampanje foar sprútsjes. Hy sil dit dwaan troch de webside ´spruitjes-ja-natuurlijk´ yn ´e loft te bringen. De webside is in inisjatyf fan de Nederlânske sprútsjeferbouwers. Hy is bedoeld foar de klant.

Op de webside stiet ynformaasje oer de achtergrûn fan it sprútsje en resepten. Hoe mear oandacht de sprútsjeside krijt, wat mear stipe der is foar it Foppefûns, want by elke besite wurdt de bydrage ferhege.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)