Mylpeal foar Ot en Sien-museum

It Ot en Sien museum
Sûnder dat de eigners fan it Ot_en_Sien-museum yn Surhústerfean it yn de gaten hiene, hat yn de ôfrûne wike de 5000-e besiker yn harren museum west. Dat is opmerklik, want it museum is noch mar acht moannen iepen.
Eigners Thecla en Sjaak Scheepbouwer wiene de ôfrûne wike op sneuptocht gongen nei België om nije publykslûkers te sykjen. Se hiene de mylpeal eins earst oan ´e ein fan septimber ferwachte.