Natoerprojekt yn Fryske Wâlden

Skoalbern yn de noardlike Fryske Wâlden gean fan moandei ôf mei saakkundigen de natoer yn. Natoer- en miljeu-organisaasjes fine dat bern op de basisskoallen te min ôfwitte fan it lânskip dêr´t sy wenje.
Oan ´e proef dogge 750 learlingen mei fan groep 7 en 8 fan de basisskoallen út de gemeenten Dantumadiel en Kollumerlân. De organisaasje hopet dat omlizzende gemeenten ek entûsjast wurde foar it projekt.