Plan natoergebiet Aldeholtpea

© Omrop Fryslân
Benammen greidefûgels moatte aanst profitearje fan in nij natoergebiet by Aldeholtpea. It natoergebiet komt yn de polder Skeltinga en makket diel út fan de lânynrjochting Beekdal Linde. Der komt in direkte ferbining tusken it natoergebiet en de rivier de Linde.
De útfiering is yn twa parten ferdield. De twadde helte fan it wurk is no op papier set en iepenbier makke. Minsken yn it gebiet binne hûs oan hûs ynformearre en kinne no ek ynsprekke op ´e plannen.