Te min hout foar Spikerdoarp

15 sep 2008 - 12:02

Boarterstún Spikerdoarp yn Drachten moat mooglik ophâlde, omdat der te min hout is. Bedriuwen leverje fergees pallets, sadat bern dêr hutten fan bouwe kinne. Mar dy pallets moatte earst sloopt wurde en der is in grut tekoart oan minsken dy´t dat dwaan wolle. De bern kinne dat sels net dwaan, om´t it te gefaarlik is.

Spikerdoarp is tige populêr. Op it bouterrein stean fjirtich hutten dêr´t bern oan timmerje. Der is sels in wachtlist fan hast tachtich bern.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)