Keunstner Jongstra wint priis

15 sep 2008 - 11:53

Keunstner Claudy_Jongstra fan Spannum krijt de priis foar Toegepaste Kunst en Bouwkunst fan it Prins Bernard Cultuurfonds. Op 25 novimber wurdt de priis - 50.000 euro grut - oan har oerlange.

Jongstra hat yn Spannum in filtatelier dêr´t se stoffen makket dy´t ûnder oare troch ûntwerpers as John_Galliano, Donna_Karan en Christian_Lacroix brûkt wurde. Yn Drinte hat Jongstra in eigen keppel skiep dy´t de wol foar har keunst leverje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)