Ryk wol nije ôfspraken Frysk

15 sep 2008 - 11:28
Minister Ter Horst fan Ynlânske Saken

Minister Ter_Horst fan Ynlânske saken ferwachtet dat Ryk en provinsje op koarte termyn in nij konvenant oer de Fryske taal en kultuer ûndertekenje kinne. Se skriuwt dat oan Twadde Keamerlid Joop_Atsma (CDA).

Atsma stelde earder dizze simmer keamerfragen oer it Nederlânske taalbelied nei oanlieding fan in tige kritysk rapport fan de Ried fan Europa. Ter_Horst wol fierder wurk meitsje fan desintralisaasje fan it taalbelied fan Ryk nei provinsje.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)