Trochriden nei botsing

15 sep 2008 - 10:30

Twa Snitsers fan 20 en 21 jier binne sneintejûn oanholden om´t se trochriden wiene nei in botsing mei in parkearde auto. De plysje koe de manlju oanhâlde om´t in tsjûge it kenteken opskreaun hie.

De 20-jierrige fersette him dêrby en waard yn de boeien slein. Op it plysjeburo die bliken dat de twa tefolle dronken hiene. It rydbewiis fan de ien is ynnommen en beide hawwe in prosesferbaal krigen. De manlju sitte noch fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)