Botsing motorrider en trekker

15 sep 2008 - 09:50

In 49-jierrige motorrider fan Parregea is sneintejûn ferwûne rekke by in oanriding mei in trekker. Doe't de 45-jierrige trekkerbestjoerder de Aldebiltdyk yn Westhoek opride soe, seach er de motorrider net oankommen.

By de botsing rekke de motorrider de foarlader fan de lânboumasine. It slachtoffer is mei ferwûnings oan de fuotten nei it sikehûs fan Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)