Yn Terwispel is sneintejûn in 17-jierrige ynwenner fan De Tynje oanholden foar fernielerij. De jonge hie in autorút stikken slein. Hy sei dat er dat út frustraasje dien hie. De jonge is oppakt en sit noch fêst.