Garaazjebrân yn Aldeholtpea

© Omrop Fryslân
Yn Aldeholtpea is sneintejûn in garaazje fan in wenning yn de G. F. Vosstrjitte útbaarnd. It fjoer ûnstie troch noch ûnbekinde oarsaak, de bewenner hat noch besocht de brân te blussen. Dat slagge net en doe waard de brânwacht alarmearre. De wenning hat in soad skea oprûn.
Ien bewenner hat by it blussen in soad reek binnenkrigen en is foar kontrôle oerbrocht nei it sikehûs fan It Hearrenfean.