Partoer V.d. Meer wint Marsum

14 sep 2008 - 18:07

De lêste frijeformaasjepartij fan dit keatsseizoen is snein yn Marsum wûn troch it partoer Rutmer van der Meer, Chris en Jacob Wassenaar. Yn de finale wâde it partoer Van der Meer mei 5-1 en 6-4 oer it trijetal Johan van der Meulen, Herman Sprik en Taeke Triemstra hinne.

Chris Wassenaar makke de wedstriid út mei in geweldige boppeslach. Troch de winst yn Marsum is Chris Wassenaar de winner fan it punteklassemint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)