Schuil en Nummerdor winne

14 sep 2008 - 17:13

Richard Schuil fan Ljouwert en syn maat Reinder Nummerdor ha snein it toernoai út de Europeeske beachfoljebaltour yn it Ingelske Blackpool wûn. Yn de finale wie it duo mei 21-15 en 21-18 te sterk foar it Switserske koppel Patrick Heuscher en Sascha Heyer.

Schuil en Nummerdor wienen earder dit toernoai yn de syklus suksesfol yn Spanje en yn Hamburch. Yn Dútslân fersekeren de twa har fan de Europeeske titel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)