Lemster oppakt foar fernieling

14 sep 2008 - 16:43

In Lemster (24) is dit wykein oanhâlden foar fernielings. De man smiet op de Plattedyk in stien troch it rút fan in wenhûs. Ien fan de bewenners seach dat, rûn nei bûten, hold de man oan en belle de plysje.

De bewenner koe de man letter oerdrage oan de plysje. At ien op 'e died trapearre wurdt, dan hat elk it rjocht dy persoan oan te hâlden en sels mei twang ûnder kontrole te hâlden. Wol moat de plysje warskôge wurde en moat de fertochte oerdroegen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)