Motorrider ûnderút by Burdaard

14 sep 2008 - 16:42

In 52-jierrige motorrider fan Sint Maartensweg is sneon ferwûne rekke op de Stiendammerwei by Burdaard. De man wie dwaande in pear trekkers yn te heljen. Ien sloech lykwols ôf.

De motorrider koe him krekt ûntwike mar gie dêrby wol hurd ûnderút. Hy is mei ferwûnings oan de earmtakke oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)