Ungemakken yn Fryslân

© Omrop Fryslân
De sneldyk A7 tusken De Jouwer en It Hearrenfean hat sneontejûn in skoft ôfsletten west fanwege in ûngemak. By Aldehaske wie in auto mei dêryn twa minsken fan de dyk rekke en oer de kop slein. Beide koene sels út de auto komme. De auto rekke folslein fernield.
In surfer is sneon op de Noardsee ferwûne rekke. It slachtoffer botste tsjin in oare surfer op. Hy krige dêrby de gyk yn de side. Hy is op it strân holpen en dêrnei mei de helikopter nei it UMCG yn Grins brocht.