Werstel Boskteater Appelskea

© Omrop Fryslân
Der sille fan takom jier july ôf wer foarstellings te sjen wêze yn it boskteater fan Appelskea. De Histoaryske Feriening yn it doarp hat de subsydzjes foar it iepenloftteater rûn, wylst ek de erfpachtoerienkomst mei Steatsboskbehear regele is.
Ynkoarten wurdt der begûn mei it yn âlde eare werstellen fan it teater oan de Bosweg. De foarstellings yn de iepenloft meie allinne tusken 1 july en 31 augustus hâlden wurde, bûten it briedseizoen fan de fûgels.