Beswieren De Klinze ôfwiisd

© Omrop Fryslân
De minsken dy't beswier makke ha tsjin de útwreiding fan it bûten De Klinze yn Aldtsjerk krije fan de gemeente Tytsjerksteradiel nul op it rekest.
Twa buorlju binne it net iens mei de oanlis fan in grut parkearplak oan de westkant fan it bûten. Dit omdat de grûn in monumintestatus hawwe soe. Ek binne se benaud dat de eigner fan De Klinze it noch foar de ferbouwing ferkeapet oan in projektûntwikkelder. De gemeente seit dat der gjin grûn foar de beswieren is.