Sigaret soarget foar opskuor

14 sep 2008 - 08:39

In hotelgast dy't in sigaret smoke woe, hat foar konsternaasje soarge yn hotel 't Heerenlogement yn Harns. De man stuts midden yn de nacht ien op, wêrtroch it brânalarm ôfgie. De man tocht doe dat der earne oars brân wie en spuite in poeierblusser leech. Dat soarge foar lichte panyk by de oare hotelgasten.

Omdat de situaasje ûndúdlik wie en omdat der in soad gasten wiene, waard de brânwacht belle. Dy hoegde net yn aksje te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)