Snits Wyt Swart wint derby

13 sep 2008 - 21:26
Foto: Omrop Fryslân

Snits Wyt Swart hat de Fryske derby yn de sneinshaadklasse wûn fan De Jouwer. Op Sportpark De Hege Simmerdyk makke Harvey Bischop de iennichste goal. Yn it begjin fan de twadde helte strafte hy in flater fan De Jouwer ferdediger Frank Stäbler ôf.

De Jouwer wie net de mindere en hie in punt fertsjinne. De Jouwer hat nei twa wedstriden noch gjin punt pakt. Snits Wyt Swart ferlear ferline wike fan HSC '21 en hat no de earste oerwinning binnen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)