Fertochte sjitpartij oppakt

13 sep 2008 - 16:27

De plysje hat in Ljouwerter (42) oanhâlden dy't derfan fertocht wurdt dat er earder fannemiddei in man delsketten hat. Dat barde op de Adoniswei op yndustryterrein De Hemrik yn Ljouwert. It slachtoffer (42) is ferwûne nei sikehûs MCL brocht.

Neffens de plysje leit de oanlieding foar de sjitpartij yn de relasjonele sfear. Wat der krekt achter stekt is noch net bekend, de fertochte hat foar in part bekend en der is in fjoerwapen by him thús fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)