Plysje slein ûnder it wurk

© Omrop Fryslân
De lanlike trend om helpferlieners oan te fallen liket no ek yn Fryslân yntree te meitsjen. By in ûngelok freedtejûn yn Drachten moast de plysje deroan te pas komme om in omstanner tsjin te hâlden. Dêrby krige in plysjefrou in klap tsjin de holle. Ambulânsepersoniel wie op dat stuit in famke (15) oan it helpen dy't fan de fyts fallen wie.
In man (18) woe koste wat kost by it famke komme, mar waard tsjinhâlden. Dêrnei gong de man troch it lint.